Thuis Agenda - It Damshûs Adri de Boer zingt in It Damshûs 

Adri de Boer zingt in It Damshûs 

It sechde solo album ‘Geandewei’ stiet sintraal by dit konsert yn it Houten Himeltsje mar ek syn âldere wurk is fansels te hearren. Adri sjongt al sa ’n fiifentrittich jier yn syn memmetaal en hat ferline jier foar de tredde kear yn trittich jier it Fryske sjongfestival Liet wûn en yn Maaie Fryslân fertsjinwurdiche yn Tønder -Denemarken by Liet International.

De yn Lippenhuzen wenjende trûbadoer is net mear fuort te tinken yn de Fryske muzykwrâld.Neist eigen wurk is der ek romte foar troch himsels oersette wrâldhits út syn programma ‘Oer de Grins’, mar ek foar syn programma ‘De Boer Sjongt Bos’ , wêr ‘t hy seizoen 2023-2034 Stef Bos ferskes yn it Frysk sjongen giet.

Geandewei is in oanrider foar elk dy ’t in waarm hert hat foar de Frysktalige muzyk. Geselliche ferskes wurde ôfwiksele mei ferskes dy ’t djip yn it hert reitsje.

Plaats reserveren: info@adrideboer.frl

Datum

02 dec 2022
Afgelopen!

Tijd

20:15

Kosten

€10,00

Locatie

Damshûs
Damshûs
Domela Nieuwenhuisweg 59 B 9245 VC Nij Beets
Categorie

Organisator

Damshûs
Damshûs
Telefoon
06-21832317
Email
info@damshus.nl

Spreker

  • Adrie de Boer
    Adrie de Boer
    Trûbadoer

    Adri is hikke en tein yn Surhústerfean op 24 jannewaris 1956. Thús wie it folchjen fan oargelles ûnderdiel fan de opfieding, en ek waard der omraak songen troch syn heit en mem, dy by it oratorium yn harren wenplak sieten. Yn 1971 op fiiftjin jieriche leeftiid waard Adri oargelist by in gospelgroep yn syn wenplak en gie doe dus aktyf de muzyk yn, en krige de smaak fan poadium’koarst’ doe alhiel te pakken.

Nieuwsberichten